Tsjinsten en produkten fan Kuipers ynstallaasjetechnyk

Kuipers ynstallaasjetechnyk is Uneto-VNI totaalynstallateur. As lid fan dizze brânsjorganisaasje behearskje wy alle techniken op it mêd fan gas, wetter, s.f., elektrotechnyk, sink- en dakwurk, binnen- en bûtenriolearring, meganyske fentilaasje (wtw) en befeiliging.

De "griene" ynstallateur

Wy jouwe de begripen "grien" en "duorsum" graach ynhâld. Us bedriuw leveret en set dan ek by foarkar sterk besparjende sf-tsjettels. Derneist lizze wy de ynstallaasje sa enerzjysunich mooglik oan. Boppedat hat Kuipers ynstallaasjetechnyk in protte spesjalistyske kennis yn hûs op it stik fan waarmtepompen. In duorsum systeem dat ferwaarmet en kuollet út natuerlike boarne én aardich minder ferbrûkt as konvinsjonele ferwaarmingssystemen. Wat ús oanbelanget it systeem fan de takomst.

Ynnovatyf en duorsum: keunststof dakbedekking

Kuipers ynstallaasjetechnyk wurket mei keunststof dakbedekking, in ynnovatyf alternatyf foar bitumen. De foardielen?
  • Keunststof wurdt flugger ferwurke
  • Keunststof giet 2 ta 3 kear langer mei as bitumen
  • Keunststof wurdt ferlime en net brând - dêrtroch minder brângefaar
  • Mei it wurkjen mei keunststof wurdt gjin tar brûkt
  • Keunststof is skjinner
Wy wurkje yn guon gefallen ek met de keunststof EPDM.










Molier 9
8521 MD
Sint Nyk
T 0513 - 43 13 81
F 0513 - 43 24 85
© 2018 Kuipers installatietechniek / Groenewold Reclamebureau / SkarWeb Internet