Wolkom by Kuipers ynstallaasjetechnyk

Kuipers doe...

Kuipers ynstallaasjetechnyk yn Sint Nyk hat syn woartels fier yn de foarrige ieu te lizzen. De hear Kuipers sette yn 1938 útein mei in ienmanssaak yn ynstallaasjetechnyk. Healwei de jierren santich waard it goed rinnende en ynnovative bedriuw oernaam troch de nije generaasje Kuipers, soan Johan. Yn 2001 naam Binne de Vries de saak oer. De namme Kuipers bleau yn eare, en mei reden. As in echten doarpsynstallateur wie "Kuipers, Sint Nyk" in begryp in súdwest Fryslân. En dat is it noch altyd.

... en no

Wilens is Kuipers ynstallaasjetechnyk útgroeid ta in totaalynstallateur mei tsien saakkundige meiwurkers. Us bedriuw kin mei alle fasetten fan de ynstallaasjetechnyk poerbêst út de fuotten. Alhoewol't yn it klantebestân in protte oannimmers stean, drage wy ek de partikuliere klant in waarm hert ta.

Efkes yn de kunde komme

Us bedriuw telt sân ynstallaasjemonteurs. Sy wurde op kantoar stipe troch:
  • Binne de Vries - plenning, akwisysje
  • Theo Kuipers - kalkulaasje, wurktarieding
  • Francien Ypma - administraasje, boekhâlding

Kuipers ynstallaasjetechnyk, ynstallaasjeriejouwer by útstek

Kuipers ynstallaasjetechnyk is in logyske kar. Wêrom? Us bedriuw stiet foar deeglik ynstallaasjewurk fan hege kwaliteit - oft it no grutskalige projekten of lytsere, partikuliere opdrachten binne.

Fakkundige rie

Mar wy dogge mear as allinnich it útfieren fan in opdracht. Elts projekt begjint mei in saakkundich advys. Wy bringe foarôf jo winsken en spesifike situaasje sekuer yn byld. Op basis dêrfan jouwe wy jo in advys dat op jo rjochte is oer de mooglikheden dy't wy jo biede kinne. Op eltse fraach is in passend antwurd!

Korrekte útfiering

Fan elts projekt wurdt dêrnei in sekuer sketsplan makke. Dêrnei wurdt it wurk mei soarch en nei tefredenheid fan de klant útfierd. Uteraard steane wy ek garant foar betroubere neisoarch.











Molier 9
8521 MD
Sint Nyk
T 0513 - 43 13 81
F 0513 - 43 24 85
© 2018 Kuipers installatietechniek / Groenewold Reclamebureau / SkarWeb Internet